Welkom bij Uitgeverij Elikser



De Canterbury Ferhalen (e-boek)

Schrijf de eerste review van dit product

Beschikbaarheid: op voorraad

€ 19,50

Snel overzicht

Klassiker Canterbury ferhalen jout boeiend byld fan de midsieuwen en is no oerset yn linich Frysk.

De Canterbury Ferhalen (e-boek)

Dubbelklik op de afbeelding voor groot formaat

Uitzoomen
Inzoomen

Meer afbeeldingen

Details

Tritich minsken binne ûnderweis nei Canterbury. Se komme út alle lagen fan 'e midsieuske maatskippij.

Foar de ien is it in spirituele reis, foar de oar is it in fakânsje.
De ien ferslyt manlju as pantoffels, de oar libbet inkeld foar de Hear.
De ien fertelt hoe't er oplichte is, de oar bekent sels in oplichter te wêzen.
It iene ferhaal is in kluchtige grap, it oare in romantyske soap.

Mei-inoar sketse de ferhalen in boeiend byld fan ’e Midsieuwen. En tagelyk litte se sjen hoe't de lju sels yn it libben steane. Dit boek is in klassiker út ’e Europeeske literatuer: ûnderhâldend, bytiden humoristysk, bytiden djipsinnich. It is no foar it earst yn it Frysk te lêzen. De Canterbury Tales waarden skreaun troch Geoffrey Chaucer yn it twadde part fan ’e fjirtjinde ieu. Klaas Hoekstra sette se út it Middelingelsk oer yn linich Frysk.

Extra informatie

Uitvoering e-boek
Formaat e-boek
Aantal pagina's 390 pagina's
ISBN 978-90-8954-270-0
Levertijd 0 werkdagen
Auteur Geoffrey Chaucer
Vertaler Klaas Hoekstra
Biografie vertaler

Oersetter Klaas Hoekstra is in alsidich man. Njonken syn wurk as ûnderwizer skreau er toanielstikken foar bern, hy boude as amateur-astronoom in teleskoop, hy wie sjonger yn de close-harmony groep ’The Crazy Teachers’ en hy hat meardere skilderijen makke. Tsjintwurdich skilderet er foaral ikoanen.

Verschijningsdatum 24 jan. 2011