Logo van Elikser
Mijn winkelwagen
0 items | € 0,00

De Roman fan Walewein (e-boek)

€ 15,00
ISBN: 9789089542557

Meislepend midsieusk ferhaal fol aventoeren en spannende foarfallen yn de striid om eare en leafde.

De held Walewein, de ‘heit fan alle aventoeren’ en ‘hoofse’ ridder oan it hof fan kening Artur, belibbet yn dizze midsieuske ‘roman’ in suver ûneinige rige fan spannende foarfallen en barrens. Hy set útein om in magysk skaakspul foar de kening te bemasterjen en komt eintsjebeslút werom mei it skaakspul én mei in hertsfreondinne: Isabelle. Tuskentroch belibbet er fan alles, fan it ferslaan fan de Reade Ridder oant it rêden fan de foks Roges, dy’t in betsjoende prins blykt te wêzen. Troch syn moed, syn hoflikheid, syn leauwe, en neisteleafde, berikt er wat ûnberikber like, wêrby de humor sa no en dan net ûntbrekt.

Klaas Bruinsma brûkt syn talint as oersetter om dit skitterjende en meislepende Middelnederlânske ferhaal te fertellen yn de fertroude, waarme memmetaal, yn klankrike en suvere rimen. 10.203 fersen lang wit syn linich Frysk de midsieuske wrâld te kleurjen en De roman fan Walewein ek yn it heitelân it plak te jaan dat it fertsjinnet: in masterplak!

Formaate-boek
Aantal pagina's221 pagina's
Levertijd0 werkdagen
AuteurPenninc en Vostaert
Korte levensbeschrijving
Verschijningsdatum2010-12-31