Logo van Elikser
Mijn winkelwagen
0 items | € 0,00

Firalen

€ 19,95
ISBN: 9789089548467

In magysk en tige spannend fantasyferhaal yn it sjenre young adult fan de hân fan de populêre skriuwster Kathy Reichs

In wolk luts foar de sinne del en smiet in skaad oer de lytse romte dêr’t ik op ’e knibbels siet. Imerkes tsjirpten op ferburgen plakken. It swit plakte myn shirt oan myn rêch fêst.
Neat kaam by my binnen. Myn geast siet kompleet fêst oan dy lytse brune foarwerpen foar my.
Ik twong mysels om de wierheid ûnder eagen te sjen.
Ik hie de bonkjes fan in minsklike hân bleatlein.

De fjirtjinjierrige Tory Brennan wennet sûnt it ûngelok fan har mem op Morris Island, by har heit Christopher ‘Kit’ Howard. Har heit is seebiolooch en wittenskiplik ûndersiker by it ynstitút op Loggerhead Island. Hy is in workaholic, dy’t gjin ferstân fan it heit-wêzen hat. En Tory sels is in nerd, dy’t neat leaver docht as dingen út te fûgeljen en antwurden op lestige fragen te finen.

Op in speurtocht mei in groepke freonen fynt se in identiteitsplaatsje mei de namme ‘F. Heaton’ derop en dêr begjint it mei. Letter stuitsje se net allinne op in grêf, mar ek op in ferburgen laboratoarium, dêr’t se in wolfshûn befrije. It bist is ynfekteard mei in firus, en dat hat in wol hiel bysûnder effekt op de sintugen fan de freonegroep. It makket harren ûnferslaanber en de folwoeksenen hawwe der de hannen fol oan.

In magysk en tige spannend fantasyferhaal yn it sjenre young adult fan de hân fan de populêre skriuwster Kathy Reichs. Geart Tigchelaar hat it boek yn it Frysk oerset.

Firalen_Inkijk.pdf


Formaat 145x210x29 mm
Aantal pagina's 443
Levertijd 2 werkdagen
Auteur | oersetter Kathy Reichs | Geart Tigchelaar
Biografie

Kathleen Joan Toelle (Kathy) Reichs (Chicago, 7 juli 1948) is een Amerikaans forensisch antropologe en schrijfster van detectiveverhalen die zowel in Canada als in de Verenigde Staten woont en werkt. Haar eigen leven heeft veel overeenkomsten met dat van de heldin van haar thrillers, Temperance Brennan, die eveneens een forensisch antropologe is. En net als Brennan werkt Reichs zowel in North Carolina in het zuiden van de Verenigde Staten als in de Canadese stad Montreal. Reichs is daarnaast hoogleraar antropologie aan de Universiteit van North Carolina in Charlotte.
Over Temperance Brennan wordt sinds 2005 een succesvolle televisieserie uitgezonden genaamd Bones.
(Wikipedia)

Geart Tigchelaar waard grut yn Damwâld. Hy gie dêr nei mafû de Saad, folge dêrnei de hafû fan it Dockinga College yn Dokkum en helle doe syn propedeuse fan de pabû oan de CHN (no Stenden Hegeskoalle) yn Ljouwert. Syn leafde foar it Frysk brocht him doe op it paad fan de bachelor- en masterstúdzje Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins. Aldfrysk fûn hy ien fan de moaiste fakken. Neitiid helle er ek syn bachelor foar dosint Nederlânsk oan NHL Hegeskoalle yn Ljouwert. (Tresoar; foto Haye Bijlstra: kolleksje Tresoar)
Verschijningsdatum 22-04-2016