Details
Healwei de jierren njoggentich waard Piter Wilkens troch Anton van der Wal en Pieter Banga frege om kollumkes te meitsjen en foar te lêzen yn harren programma by lokale omrop De Boarnsterstim fan Grou. Letter folgen, mar dan sa út en troch, De Eenhoorn (Menaam) en Omrop Fryslân. Guon fan dy koarte ferhaaltsjes kamen ek yn it fanklubblêd fan De freonen fan Piter Wilkens. Dit boekje is in seleksje fan dy stikjes.
Om argewaasje foar te kommen hat de skriuwer yn de measte stikjes bewust foar fiktive nammen keazen. Mochten jo josels of bepaalde persoanen dêr dochs yn weromkenne, dan sille jo wol gelyk ha.
Resinsjes (fragminten)
/.../ De measte kollums binne licht fan toan, hearlik om ûnder de parrebeam te lêzen, of om mei te nimmen nei it strân. Perfoarst gjin drege kost. Ik tink dat der wol ferlet is fan dit sjenre yn de Fryske literatuer. Opfallend is dat Piter Wilkens yn syn ferhalen net benaud is om himsels in spegel foar te hâlden. It is faak in toan fan doch mar gewoan, dan dochst al gek genôch. Dizze skriuwer en lietsjesjonger moat neat fan heldendom hawwe. Yn it ferhaal 'Hoe word ik een succesvol Fries troubadoer?' jout de Marsumer in fyftjintal tips. Ien fan dy tips is dizze, oer 'omgaan met roem': ''Als u eenmaal bekend bent wordt u overal voor gevraagd. Zeg nooit nee. Leen u voor commercials en spelletjes. Geef altijd domme antwoorden. Heb vooral geen eigen mening. Anders komt u al gauw betweterig en eigenwijs over. Probeer zoveel mogelijk 'gewoon' te blijven.''
Sneeker Nieuwsblad, 26 juny 2006, Henk van der Veer
Extra informatie
| Uitvoering | paperback |
|---|---|
| Formaat | 125x190 mm |
| Aantal pagina's | 174 pagina’s |
| ISBN | 978-90-8566-011-4 |
| Levertijd | 2 werkdagen |
| Auteur | Piter Wilkens |
| Biografie auteur | Piter Wilkens (1959) groeide op yn Marsum. Nei de LTS en MTS folge er de keunstakademy fan Grins en wurke jierren as timmerman en boukundich tekener. Sûnt 1995 is er full-time Frysktalich sjonger en lietsjesskriuwer. Hy makke oant no ta in tsiental CD ’s en spile sa’n bytsje oeral yn Fryslân en fier dêr bûten. 'Pitertuerlikens' is syn earste bondel. |
| Verschijningsdatum | 1 mrt. 2006 |
