Welkom bij Uitgeverij Elikser



SMS in fers

Schrijf de eerste review van dit product

Beschikbaarheid: op voorraad

€ 15,00

Snel overzicht

Gedichten foar de leeftyd fan 10-14.

SMS in fers

Dubbelklik op de afbeelding voor groot formaat

Uitzoomen
Inzoomen

Meer afbeeldingen

Details

Oer tûzenpoat Bangma skriuwt Jelle van der Meulen op syn moaie webside fol mei Fryske skriuwers: ‘Bangma maakt het (mei SMS in fers, edg) de jeugd niet moeilijk, de gedichten zijn bijna allemaal meer liedteksten dan poëzie, compleet met refreintjes als "Elkenien is toets-o-fyl / want de hiele wide wrâld is no mobyl", zoals het klinkt in 'Mobyl', het eerste gedicht van de bundel. De onderwerpen staan ook dicht bij de jeugd: het mobieltje, msn'en, leuke feestjes met breezers, erge feestjes (een zwembadfeestje!), een vakantie naar Vlieland waar 'hij' komt.’ Bin ‘k in âld sek as ik sis dat de gedichten my net folle sizze? Komt dat om ’t SMS, MSN en twitterje my neat sizze? Faaks al, mar ek om ’t de gedichten, hoe floeiend en muzikaal ek, my net echt in clou biede, in punt. It bliuwt by my net hingjen. Al hoe aardich ek dat Bangma omtinken jout oan dizze groep, ik wol leauwe dat “SMS in fers” net de ûnferwachte outsider is foar de GJP. (edg) ensafh.,
Frysk literêr tydskrift, jiergong 1, nûmer 6, Jacobus Quiryn Smink/Edwin de Groot, oktober 2009 

/.../ Pubergefoelens spylje in rol, en humor fansels. It type dat yn de ferskes spilet (meastentiids as 'ik') is dat fan de grutte bek en it lytse hertsje: it sympatike type dus, maklik ynfielber. Der wurdt ynspile op aktuele problemen (lykas sinleas geweld, ytproblemen, grafitti, depresje) mar it 'boadskip' leit der net te tsjok op, om't it perspektyf trochstrings by in 'ik' leit. It tal gedichten oer muzyk en oer leafdesfertriet oerhearsket. Yndy lêste kategory oppenearret him dat lytse hertsje as 'it iensum hert' of 'it ûnrêstich hert'. Ik betwifelje oft sa'n oantsjutting yn de 'belibbingswrâld' fan hjoeddeiske 10-14-jierrigen past. Dat is, tinkt my, ek in bytsje it probleem fan dit boekje: gedichten foar binn' noch gjin gedichten fan. En ik bedoel dan: sjoen as eigen. Alle yngrediënten sitte deryn, mar net altyd is de 'pointe' like sterk. /.../ Dy snypsnaren nimme net wei dat Jelle Bangma faak de juste toan en sfear te reitsjen wit. /.../ En ik ha troch dit bondeltsje in kostlik nij Frysk wurd leard: fifelfûferijen. In synonym foar babbelegûchjes. It stiet net yn it wurdboek, mar it moat der yn 'e folgjende printing perfoarst by.
Leeuwarder Courant, Harmen Wind, 27 jannewaris 2006

Extra informatie

Uitvoering paperback
Formaat 110x210 mm
Aantal pagina's 52 siden
ISBN 978-90-8566-006-8
Levertijd 2 werkdagen
Verschijningsdatum 1 mrt. 2005