Welkom bij Uitgeverij Elikser



Eilân fan de silligen

Schrijf de eerste review van dit product

Beschikbaarheid: op voorraad

€ 15,50

Snel overzicht

Eilân fan de silligen is in histoaryske roman oer it libben fan Antoinette de Bourguignon (1616-1680), dochter fan in rike roomske keapman út it Belgyske Rijsel. Antoinette flechte út har âlderlik hûs om oan in oplein houlik te ûntkommen.

Eilân fan de silligen

Dubbelklik op de afbeelding voor groot formaat

Uitzoomen
Inzoomen

Meer afbeeldingen

Details

Eilân fan de silligen is in histoaryske roman oer it libben fan Antoinette de Bourguignon (1616-1680), dochter fan in rike roomske keapman út it Belgyske Rijsel. Antoinette flechte út har âlderlik hûs om oan in oplein houlik te ûntkommen. Nei ferskate omswervings bedarre se op it Waadeilân Nordstrand by Sleeswyk-Holstein en mei har folgelingen boude hja dêr oan har ideaal om in kristlike oergemeente te stichtsjen. Bourignon wie der fan oertsjûge dat God har útkeazen hie om it wiere kristendom út te dragen. Nei’t hja har leauweardigens ferlear, flechte Antoinette nei Amsterdam. Hja waard ûnderweis siik en ferstoar yn Frjentsjer. Ypk fan der Fear beskreau de haadfiguer as in frou dy’t ‘ûnder ynfloed fan mystike skriuwers en prekers harsels seach as in ynkarnaasje fan God’.

Dit boek is de werútjefte fan de twadde printing út 1981.

Steeds valt in haar oeuvre de grote schrijfdrift op en de wil gestalte te geven aan de niet-verstandelijke drijfveren in ’s mensen bestaan.

Jo Smit yn Literair kwartier fan derono

De skriuwster is der tige yn slagge de sfear te skeppen, dêr’t dizze minsken yn libben en de tsjoen te tekenjen, dy’t har yn ’e macht hie.

Nieuwsblad van Noordoost-Friesland

De petearen binne moai natuerlik hâlden en knap funksjoneel. De sfear dy’t jin út dit boek temjitte komt oertsjûget en dat is foar in histoaryske roman in grut komplimint.

Tjitte Piebenga yn Het Vrije Volk

Extra informatie

Uitvoering paperback
Formaat 140x210 mm
Aantal pagina's 179 pagina's
ISBN 978-90-8954-183-3
Levertijd 2 werkdagen
Auteur Ypk fan der Fear
Biografie auteur

Lipkje Post-Beuckens (1908-1983) waard berne te Sondel. Nei har oplieding oan de kweekskoalle stie hja lange jierren foar de klasse. As proazaskriuwster publisearre hja it meast ûnder de skûlnamme Ypk fan der Fear, de famkesnamme fan har mem. Hja krige yn 1979 de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre, mar benammen foar har histoaryske romans. Under de namme ‘ella wassenaer’ waard se bekend as dichteres.

Verschijningsdatum 9 apr. 2010