Welkom bij Uitgeverij Elikser



It kritysk kerwei

Resinsjes en skôgingen

Schrijf de eerste review van dit product

Beschikbaarheid: op voorraad

€ 19,50

Snel overzicht

Dizze bondel mei in kar fan Wadman út syn kritiken en skôgingen út de jierren fyftich en sechstich kin sjoen wurde as in ferfolch fan Kritysk konfoai út 1951 (ek yn de ‘Nije biblioteek’ opnommen).

It kritysk kerwei

Dubbelklik op de afbeelding voor groot formaat

Uitzoomen
Inzoomen

Meer afbeeldingen

Details

Dizze bondel mei in kar fan Wadman út syn kritiken en skôgingen út de jierren fyftich en sechstich kin sjoen wurde as in ferfolch fan Kritysk konfoai út 1951 (ek yn de ‘Nije biblioteek’ opnommen). It meastepart fan de kritiken hat stien yn de Frysk-literêre rubryk dy’t Wadman fan 1953 oant 1962 fersoarge yn de Fryske edysje fan Het Vrije Volk. Ut de ynlieding: ‘As der yn dit kritysk wurk foar de Fryske proazaliteratuer oer in oerhearskjende tendins te bespeuren falt, is it de langst nei mear originaliteit fan tematyk, nei mear romte, geografysk én mentaal, om it faak benypte Fryske fermidden hinne en nei mear ambachtlikheid yn it skriuw-métier. De rop om ‘Europeesk peil’, dy’t fuort nei 1945 sa lûd en sa faak opklonk, is hjir net folle mear fan te fernimmen.’ De fernijingen út de jierren sechstich koe Wadman net kritysk begeliede, omdat er doe al ophâlden wie by Het Vrije Volk. ‘Sadwaande is Trinus Riemersma de dûns ûntsprongen en haw ik ek figueren as Ypk fan der Fear en Rink van der Velde net konsekwint as resinsint folgje kinnen. Yn de poëzykritiken sil de opmerksume lêzer faaks de tekens bespeure dat de skriuwer […] letter it kontakt mei ‘de poëzy’ frijwat kwytreitsje soe.’

It boek befettet in sa folslein mooglike bibliografy fan Wadman oer it tiidrek 1950-1971. Dizze twadde printing is de werútjefte fan de earste printing út 1990.

Extra informatie

Uitvoering paperback
Formaat 125x200 mm
Aantal pagina's 334 pagina's
ISBN 978-90-8954-204-5
Levertijd 2 werkdagen
Auteur Anne Wadman
Biografie auteur

Anne Wadman (1919-1997) joech al ier bliken fan syn niget oan muzyk, literatuer en it Frysk. Hy studearre Nederlânsk oan ’e Universiteit fan Amsterdam en wurke lange tiid by it ûnderwiis. Hy waard ien fan de meast produktive Fryske skriuwers en kritisy. Twa kear krige er de Gysbert Japicxpriis, yn 1952 en 1989. Hy seach himsels lykwols net as in suksesfol skriuwer. Joke Corporaal socht út hoe’t dat kaam yn in stúdzje oer syn libben oant 1963, mei as titel Grimmig eerlijk, ferskynd yn 2009.

Verschijningsdatum 9 apr. 2010