Logo van Elikser
Mijn winkelwagen
0 items | € 0,00

Blinder, hasto de kaktus skeard

€ 16,00
ISBN: 9789089540416

Sketsen en tafrieltsjes út it deistich libben.

‘Minsken, ûnderweis fan juster nei moarn. Hjoed skynt de sinne en de sjippebûlen dûnsje foarby. De fûnkjes spatte derôf. Sjoch even …!'

Yn dizze bondel pensielt Gerrit Damsma mei fine kwast sketsen en tafrieltsjes út it deistich libben. Ferhaaltsjes mei in knypeach, tige werkenber, altyd goed foar in ûnferwachte glimk. Hy hat in bysûndere blik op de wrâld, dy’t in protte minsken oansprekke sil. Dy blik is myld en waarm en jout de minsken moed en treast, sûnder út te glydzjen yn sentimentaliteit.

Formaat125 x 200 mm
Aantal pagina's182 pagina's
Levertijd2 werkdagen
AuteurGerrit Damsma
Korte levensbeschrijving

Gerrit Damsma is yn 1936 berne te Boalsert. Nei in oplieding HBS-B te Snits folge noch in (net ôfsluten) stúdzje foar it Steatseksamen Gymnasium-A. It doel wie om teology te studearjen, mar nei de militêre tsjinsttiid kaam hy yn de sjoernalistyk telâne.

Fan 1960 oant 1996 wurke hy by it Friesch Dagblad: as ferslachjouwer, sjef provinsjeredaksje en einredakteur. Fierders skreau hy jierrenlang in Fryske 'column' yn de Sneinspetiele, de wyklikse bylage fan it FD. Fraachpetearen mei en ferhalen oer 'gewoane' (mar nijsgjirrige) minsken hiene syn foarkar.

Mei in grut tal lêzers fan it Friesch Dagblad waard yn 1979 in reis organisearre nei Israël. Syn artikels oer dy reis waarden bondele en útjûn yn 'Dagboek uit Israël'.

Yn 1986 makke Damsma foar syn krante in reis nei Kanada en Amearika en kaam dêrby yn kontakt mei in protte (âld)emigranten en harren neiteam. Benammen de ferhalen oer it ûntstean fan it plakje Vriesland yn de steat Michigan in 1847 sprutsen him oan. Wa wiene dy earste lânferhuzers, wêr kamen sy wei en wat wiene harren driuwfearren? Har libbensferhaal is tekene yn de histoaryske roman 'De beam fan belofte'. It boek waard yn de parse goed ûntfongen:

- "It fêstlizzen fan in nijsgjirrich stik emigraasjeskiednis troch in skerp observearjend en treflik dokumintearre skriuwer fertsjinnet alle respekt." (Trotwaer, Piter Terpstra)
- 'De beam fan belofte' liket my in boek dat mear noch as 'It wrede paradys' fan Hylke Speerstra de lêzer meinimt nei de rauwe werklikens fan it emigrantebestean yn de 19de ieu. Fan datoangeande mei dizze roman ek wol as in monumint kwalifisearre wurde (Geandewei, Arend J. Wijnsma)
- "...fan dat momint ôf hat it ferhaal jin yn de besnijing en wurdt it dreech it boek oan 'e kant te lizzen (Friesch Dagblad, Berber Bijma)
- "In goede dramatyske opbou (...), de ein is sterk. In heldere, effektive styl. In weardige oade oan de iere Fryske emigranten (Leeuwarder Courant, Jabik Veenbaas).

'De beam fan belofte' wie al nei in heal jier útferkocht. Mooglik komt der nochris in twadde druk. Takom jier sil troch útjouwerij Elikser yn elk gefal in Nederlânske oersetting útjûn wurde.

Verschijningsdatum2008-08-30