Welkom bij Uitgeverij Elikser



De fal fan Camelot

Schrijf de eerste review van dit product

Beschikbaarheid: op voorraad

€ 24,50

Snel overzicht

In syklus fan tolve ferheljende gedichten wêryn’t it ferhaal fan kening Arthur ferteld wurdt.

De fal fan Camelot

Dubbelklik op de afbeelding voor groot formaat

Uitzoomen
Inzoomen

Meer afbeeldingen

Details

DE FAL FAN CAMELOT is in syklus fan tolf ferheljende gedichten. Tennyson beskriuwt hjiryn it ferhaal fan Kening Artur, syn ridders, de Rûne Tafel en de bruorskip fan dy Tafel, syn houlik mei Ginevra (Guinevere), har leafde foar Lanselot, en de úteinlike fal fan Artur syn keninkryk. De persoan fan Artur giet mooglik werom op in lieder fan de kristlike Kelten, dy’t om it jier 520 de ferovering fan de eardere Romeinske provinsje Britannia troch de heidenske Angelen en Saksen, en grif ek in tal Friezen, tydlik tsjinhold. Camelot, de stêd mei syn paleis, stiet foar in besykjen om in beskaving te stichtsjen, dy’t basearre is op oarder en gesach, trou oan de lieder, it neikommen fan eden en beloften, rjocht foar elk, beskerming fan de swakkeren, hoflikens en respekt foar de oar – koartsein: it stribjen om de minsk te ferheffen boppe it dierlike, it wetteleaze, it gaotyske, de macht fan de sterkste. Artur syn ryk is basearre op hege idealen, mar sels yn Camelot loert de slange fan ûntrou, jaloerskens en ferrie, dy’t úteinlik Artur fataal wurdt. Mar nêst dy mislearring is der ek hoop: ienris komt Artur werom om opnij syn ryk te stichtsjen.

Extra informatie

Uitvoering Paperback
Formaat 165x250
Aantal pagina's 338
ISBN 978-90-8954-304-2
Levertijd 2 werkdagen
Auteur Alfred Lord Tennyson
Vertaler Geart fan der Mear
Biografie vertaler

Geart van der Meer (b. 1944 Toppenhuzen) studearre Ingelsk en Frysk yn Grins en wurke fan 1970 oant 2009 bij it Ingelsk Ynstitút fan de Grinzer universiteit, mei in ûnderbrekking fan fiif jier (1985-1990) doe’t er oan dyselde universiteit bij it Frysk Ynstitút wurke. Fan 1976 oant 1982 wie er ien fan de redakteuren fan Trotwaer. Yn 1984 ferskynde syn dichtbondel Skûl bij Hanklit, en yn 1987 in bondel mei 25 sonnetten, Winterkriik. Yn 1985 promovearre er op in proefskrift oer de ‘brekking’ (bgl. beam-beammen) yn it Frysk. Hij levere yn 1990 de Fryske oersetting fan de opera Rixt fan Henk Alkema. Nêst taalwittenskip, mei de lêste goed 17 jier foaral de leksikografy, hat ek it oersetten altyd syn niget hân, foaral de praktyske kanten dêrfan, dy’t er tapasse koe yn syn kursussen literêr Ingelsk-Nederlânsk oan de universiteit. Yn 2009 ferskynde It Paradys Ferlern, syn metryske oersetting fan it ferneamde Paradise Lost fan John Milton (1674), it epos oer de sûndefal yn it paradys. Yn 2010 kaam syn oersetting Tess fan de D'Urbervilles út, it hertferskuorrende boek oer it ferlies fan de ûnskuld, skreaun troch Thomas Hardy. Geart van der Meer brûkt bij syn literêre publikaasjes altyd syn namme yn it Frysk: Geart fan der Mear.

Verschijningsdatum 17 mei 2011