Logo van Elikser
Mijn winkelwagen
0 items | € 0,00

De reuny

€ 17,00
ISBN: 9789089542892

Hilaryske en flot skreaune roman oer in legindaryske Fryske doarpsband.

Jacob hat al jierren net mear oan syn jeugd yn Fryslân tocht. Hy wennet yn België en hat it drok genôch mei syn suksesfolle automatisearringsbedriuw. Oant der op in dei in brief troch de bus rûgelet oer in reüny. De inisjatyfnimmers binne syn jeugdleafde, de ûnbegryplike Maria, en twa oare bandleden: Maria har man Jehannes en Jacob syn âlde maat, de toarstige Arnold. Sy wolle de ‘wereldband’ Splitz, dy’t yn har jonge jierren sa’n sukses hie yn Hollum, op âldjiersnacht opnij ta libben bringe mei in in fantastysk konsert. Jacob hat der earst net folle sin oan. Hy is wrantelich omdat alles blykber al regele is en hy der mei goed fatsoen net mear ûnderút kin. Mar geandewei krijt er de geast en komme de âlde ferhalen fan dy bysûndere tiid wer by him boppe.

Yn dizze roman tekenet Freddy Scheltema op tige humoristyske en sfearfolle wize opkomst en ûndergong fan in doarpsband út Fryslân. Yn de oanrin nei it konsert komme gloarieuze mominten en fantastyske erfarings boppe. Mar ek skeel en âld sear, leafde en ferlies. It boek ferdivedearret en ferrast oan ’e ein ta.

Formaat145 x 210 mm
Aantal pagina's202 pagina's
Levertijd2 werkdagen
AuteurFreddy Scheltema
Korte levensbeschrijving

Freddy Scheltema is hikke en tein yn it greiddoarp Easterein. Hy is in bern fan de jierren sechstich. Wie dwers en rekalsitrant yn syn jonge jierren; hy waard fan twa skoallen stjoerd. Dêrnei hie hy in soad ambachten en krekt safolle ûngelokken. Hy wie boarder by de NAM, wie barkeeper, tsiismakker, rioalgraver en wurke op in sosjale wurkpleats. Hy is no amtner.

Ein jierren santich begûn hy de band ‘First Day’, en hie dêrmei regionaal wat sukses. Mei de band ‘Common Brain’ brocht hy syn earste CD út: ‘Sounds like bagger’. Mei alle popmuzikanten fan syn bertedoarp makke hy de CD ‘Easterein United’. Yn dizze ieu makke hy de CD ‘Fjoer en Wetter’. Dêrnei skreau er muzyk foar kabaret en revu.

Verschijningsdatum2011-03-15