Logo van Elikser
Mijn winkelwagen
0 items | € 0,00

De SUC-saak en de bonken fan Brongergea

€ 17,00
ISBN: 9789089542915

Spannende en humoristyske misdiedroman mei de betûfte resjersjeur Ale Alema yn de haadrol.

Resjersjeur Ale Alema fan it plysjeburo fan it Hearrenfean sit wat yn in labile tiid. Wurk is der genôch om yn ûnder te dûken en miskien om wer wat hâldfêst yn te finen. Lykwols, tusken de drokke dagen sitte de swarte nachten en de flesse drank is op ‘e taast wol te finen.

Foar oerlis yn in saak oer stellen djoere auto’s komt Ale yn ‘e kunde mei twa froulike kollega’s, Petra Zeijlstra en Rykje Wybenga. Sy sitte yn it saneamde SUC-team. Geandewei it ûndersyk hat Ale it gefoel dat hy oan ‘e sydline stiet en as in sike poedel efter de froulike kollega’s oanrint. It is in mysterieuze saak dy ‘t nei binnen teart, de SUC-unit yn. Kollega Wytske de Boer komt yn Brongergea foar in hiel oar fraachstik te stean. Fan wa binne de bonken dy’t boufakkers fine by in ferbouwing? Alde bonkerakken of spilet der oars wat?

Dizze twadde Ale Alema bringt in protte spanning en ferdivedaasje. Jan Schokker is in boeiende ferteller mei in tige humoristyske styl.

Formaat125 x 200 mm
Aantal pagina's198 pagina's
Levertijd2 werkdagen
AuteurJan Schokker
Korte levensbeschrijving

Yn 1952 berne yn Oranjewâld as helte fan in twilling. Nei in technysk begjin komt it kreative yn him boppe en fanôf syn fjouwerentweintichste is hy selsstannich mei in eigen standbouw- en beletterings- bedriuw. Skriuwen is fan jongs oan ôf in passy en nei in tal toanielstikken, revu’s, ferhalen, no it earste boek. Wenne jierren yn Langsweagen en sûnt 1989 yn Jonkerslân.

Verschijningsdatum2011-03-24