Welkom bij Uitgeverij Elikser



It libben in dream

Schrijf de eerste review van dit product

Beschikbaarheid: op voorraad

€ 16,50

Snel overzicht

Kleurrike roman yn ferhalen fan Simen de Jong in ûnferwacht en prachtich lûd yn de Fryske literatuer.

It libben in dream

Dubbelklik op de afbeelding voor groot formaat

Uitzoomen
Inzoomen

Meer afbeeldingen

Details

“De minsken om him hinne sieten ek yn harren sels keard, hja swijden en wannear’t de eagen him skril mar wach as in hûn meunsteren, fielde er him mei harren ferbûn troch in fier ferline dêr’t er gjin aan fan hie, mar dat rûkte as pake syn piip. Doe seach er himsels yn in smook sweven, oplitten yn dizze reis. Heech yn it blau: koe in ballon iensum wêze? In bûle ivich pronkje? Romke ferfeelde him net mear by it rút, hy litte.”

It libben in dream nimt de lêzer mei yn de wûnderlike belibbing fan Romke, in gewoane jongen fan it plattelân. Romke dangelet om yn ’e wrâld tichteby en aventoeret omfierrens. As fotograaf leit er it libben fêst. Hy hat idealen en in langstme nei leafde en freonskip. De ferhalen hearre ta de reis- en leafdesliteratuer en binne bûntkleurich as it libben sels. In ûnferwacht en prachtich lûd yn de Fryske literatuer.

Extra informatie

Uitvoering paperback
Formaat 145 x 210 mm
Aantal pagina's 182 pagina's
ISBN 978-90-8954-248-9
Levertijd 2 werkdagen
Auteur Simon Oetie
Biografie auteur

Simen Oetie is de Fryske skriuwersnamme fan Simen de Jong. Hy is berne yn Wânswert (doarp). Hy begûn pas nei it ferstjerren fan syn heit yn 2001 te skriuwen (E.S. de Jong, fan û.o. Romke en Romke dûkt ûnder) Earder ferskynden neist koarte ferhalen ûnder oare de parabel Een geur van verlangen en de romans De lêste halte en TWEE (mei Klaas Rusticus).

Verschijningsdatum 3 sep. 2010