Welkom bij Uitgeverij Elikser



Kening fan Katoaren

Beschikbaarheid: op voorraad

€ 14,95

Snel overzicht

De santjinjierrige Stach krijt nei de dea fan de kening fan Katoaren sân hast net út te fieren opdrachten. Mei sûn ferstân, tûkens en moed wit er se te folbringen.

Kening fan Katoaren

Dubbelklik op de afbeelding voor groot formaat

Uitzoomen
Inzoomen

Meer afbeeldingen

Details

De fleurige âlde kening fan it goede lân Katoaren is ferstoarn; seis soere ministers beweare dat se in nije kening sykje – mar der bart neat. Dan giet de santjinjierrige Stach nei de ministers ta en freget wat je dwaan moatte om kening fan Katoaren te wurden. De ministers binne razend en jouwe him sân hast net út te fieren opdrachten. Mei sûn ferstân, tûkens en moed wit er se alle sân te folbringen en dêrmei makket er Katoaren ta in leefber lân.

Kening fan Katoaren is in fleurich en spannend boek – mar it hat in dûbele boaiem. Want wa’t goed lêst sil ûntdekke dat de problemen dêr’t Stach foar komt te stean, in hiel soad lykje op it lawaai fan strielfleantugen, de reek fan yndustrygebieten en oare dingen dy’t ús lân minder leefber meitsje.

Gouden Griffel

Extra informatie

Uitvoering paperback
Formaat 145 x 210 mm
Aantal pagina's 192 pagina's
ISBN 978-90-8954-237-3
Levertijd 2 werkdagen
Auteur Jan Terlouw
Vertaler Ytsje Steen
Biografie vertaler

Ytsje Frederika Buwalda is berne yn Seisbierrum op 21 april 1959. Nei de legere skoalle hat sy it atheneum folge yn Ljouwert en dêrnei Schoevers yn Den Haach. Fan 1978 oant 1984 hat sy administratyf wurk dien by in notaris yn Marrum. Doe’t har soan Jorrit berne waard, is sy opholden mei wurkjen. En yn 1987 kaam dochter Marije op ’e wrâld.
Doe’t de bern wat âlder waarden woe sy wol wer oan it wurk. Dat slagge net sa maklik. Uteinlik bedarre se by de Afûk as freelance oersetter en korrektor (wat sy dwaan mocht fanwege har karfak Frysk op it Ateneum) en dat wurk docht se no al 9 jier, mei in soad plezier. In jier as trije ferlyn krige se der sin oan om ris in boek foar harsels oer te setten, in boek dat sy sels heel moai fûn. Dat waard it jeugdboek ‘Koning van Katoren’ fan Jan Terlouw. En sy hope dat har oersetting oait yn druk ferskine soe…

Ytsje Steen-Buwalda is troud mei Johan Steen, skoalmaster yn Lollum. Sy wenje yn Boalsert.

Verschijningsdatum 3 sep. 2010