Welkom bij Uitgeverij Elikser



Utopia

Schrijf de eerste review van dit product

Beschikbaarheid: op voorraad

€ 15,00

Snel overzicht

De Utopia jout hope op in bettere wrâld, no’t it kapitalisme rûnom foar master opslacht. Humanisten en kristenen, kommunisten en demokraten beroppe har op dit boek.

Utopia

Dubbelklik op de afbeelding voor groot formaat

Uitzoomen
Inzoomen

Meer afbeeldingen

Details

De Utopia jout hope op in bettere wrâld. It boek bestiet út twa parten. Yn it earste part sketst More allegear misstannen, dy't ús tsjintwurdich ek net hielendal ûnbekend binne: woekerferkeap fan produkten, misbrûk fan minsken, ymmorele spekulaasje, selsferriking, mar ek berne-arbeid, wat yn Europa fierhinne útballe is mar oars op 'e wrâld noch rûnom foarkomt. De elite dy't ferantwurdlik is foar it belied is foaral dwaande mei selsferriking en bekroadet him net om de sosjale ferhâldingen. Fjouwer ieuwen letter sil Marx itselde sizze.

Yn it twadde part sketst Thomas More in bettere wrâld. De wurkdei bestiet út 5 oeren, dat minsken tiid oer ha om harsels te ûntwikkeljen. Der binne ek goede mooglikheden om te reizgjen, fan baan te wikseljen en te studearjen. Opfallende skaaimerken fan Utopia binne fierder:
* Der is frijheid fan godstsjinst.
* Eutanasy is tastien foar deasike minsken dy't har lijen net mear ferneare kinne.

In moai foarbyld fan 'e omkearing fan wearden yn Utopia is dat kriminelen mei gouden keatlings fêstset wurde. Sa leare de bewenners fan Utopia om goud as wat ferachtliks te sjen. En as bûtenlanners har mei goud beynfloedzje wolle, sille se net nei har harkje wolle.

De auteur Thomas More wie in persoanlike freon fan Erasmus. Hy fersette him tsjin 'e despoat Hindrik VIII, doe't dy him fan 'e tsjerke fan Rome ôfkeare woe. Dat soe him yn 1535 it libben kostje. Yn 1935 waard More hillich ferklearre.

Utjûn troch de Stichting ELF

Extra informatie

Uitvoering gebonden
Formaat 130 x 200 mm
Aantal pagina's 151 pagina's
ISBN 978-90-71560-03-3
Levertijd 2 werkdagen
Auteur Thomas More
Vertaler P.W. Brouwer
Biografie vertaler

Njonken Utopia (2002) hat Piter Wibertus Brouwer yn 2001 ek al wurk fan Erasmus oerset (Lof fan de Healwizens, 2001) en yn 2008 ferskynde fan him in oersetting van Dantes La Divina Commedia, De godlike komeedzje. Brouwer is opgroeid yn Snits mei it Stêdsfrysk. By de Fryske Klup fan Hilversum hat er it skreaune Frysk yn 'e macht krigen. Brouwer hat lesjûn yn it roomsk-katholyk fuortset ûnderwiis, ûnder mear oan de doedestiidske kweekskoalle. Fierders hat er as sjoernalist foar it RK deiblêd "Ons Noorden" skreaun. Tsjintwurdich hâldt er ta te Rotterdam. Syn útjeften binne ferskynd mei stipe fan RK mienskippen fan fraters en muontsen. 

Verschijningsdatum 10 jan. 2008