Welkom bij Uitgeverij Elikser



Mei it wiffe skip

Schrijf de eerste review van dit product

Beschikbaarheid: op voorraad

€ 24,95

Snel overzicht

It jubileumboek fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS) by it hûndertjierrich bestean yn de foarm fan in neitinkboek mei in kar út in ieu skriuwerij oer kristlik Frysk en Frysk op it mêd fan tsjerke en leauwe.

Mei it wiffe skip

Dubbelklik op de afbeelding voor groot formaat

Uitzoomen
Inzoomen

Meer afbeeldingen

Details

Mei it wiffe skip is it jubileumboek fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS) by it hûndertjierrich bestean. Gjin tinkboek yn 'e wenstige sin, dus gjin nostalgysk boek mei plaatsjes en anekdoaten út it ferline. Want it KFS wol fierder. Dêrom is it in neitinkboek wurden.

Yn de ferrûne hûndert jier is der hiel wat skreaun en wreaun oer kristlik-Frysk en oer Frysk op it mêd fan tsjerke en leauwe. Dêr tsjûget dit boek fan: der is in kar út in ieu skriuwerij oer dat ûnderwerp yn opnommen. Mei as wichtichste doel: in bydrage te leverjen oan it neitinken oer de takomst fan it jubilearjende selskip.

It boek begjint mei in histoarysk oersjoch oer it KFS (en oer it Roomsk Frysk Boun), dat de opnommen artikels yn in skiedkundich ramt set. Dat ramt plus it karakter fan de fierdere ynhâld makket dat it belang fan dit boek folle fierder rikt as allinnich mar de niget fan de selskipsleden: it reflektearret in tige wichtige kant fan de Fryske beweging as gehiel.

Extra informatie

Uitvoering gebonden
Formaat 145 x 220 mm
Aantal pagina's 250 pagina's
ISBN 978-90-8954-015-7
Levertijd 2 werkdagen
Auteur Jan Popkema
Biografie auteur

Jan Popkema (1942) is frisist en neerlandikus. Hy hat wurke as leksikograaf by de Fryske Akademy en as haad en dosint by de learare-opliedings Nederlânsk en Frysk oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden. Alhoewol't taalkunde syn fak is, hat er ek wol op oare mêden publisearre. Neist ûnderskate artikels ferskynden fan him ek û.o. Psalmbewurkingen yn it Frysk (1983), Basisgrammatica Fries (2006), Grammatica Fries (2006) en poëzij-oersettings. It wurk oan Mei it wiffe skip paste goed yn it stúdzje-ûndersyk nei 'de kristlik-Fryske beweging' dat er op priemmen hat.

Verschijningsdatum 12 apr. 2008