Logo van Elikser
Mijn winkelwagen
0 items | € 0,00

In see fan stilte

€ 12,50
ISBN: 9789089544384

Oangripend ferhaal, dat te boek stiet as dé novelle fan de Twadde Wrâldoarloch, oer ferset en stilte, oerset troch Piter van der Veen

Midden yn ’e Twadde Wrâldoarloch ferskynde de fersetsnovelle Le silence de la mer, (1942) skreaun troch Vercors, skûlnamme fan de Frânsman Jean Bruller (1902-1991).

In Dútske offisier is ynkertierd by in Frânsman op jierren en syn jonge omkesizzer. De offisier dreamt fan it rike Dútske muzikale ferline tsjinoer it rike literêre ferline fan Frankryk. Wat as dy lannen no de krêften bondelje soenen? De Frânsman en syn omkesizzer sizze neat werom, as hy harren syn dreamen fertelt, dat is harren foarm fan ferset.
Dan bart der wat dat de offisier folslein fan ’e wize bringt.

Dit oangripende ferhaal, dat te boek stiet as dé novelle fan de Twadde Wrâldoarloch, is al yn gâns talen oerset en noch hieltyd aktueel.

Piter van der Veen, soan fan it eartiids tige ferneamde toanielduo Barend en Martsje en fan hûs út bekend mei fersetsaktiviteiten, makke dizze earste Fryske fertaling – ryk fan taal, skerp en sterk, in wrâld oan gedachten yn in keamer fan stilte.

Formaat145x210
Aantal pagina's56
Levertijd2 werkdagen
AuteurVercors
Korte levensbeschrijving

Vercors, namme fan it swiere, Frânske fersetsbolwurk yn de Twadde Wrâldoarloch, is it pseudonym fan de Frânske skriuwer Jean Bruller (1902-1991). Hoewol’t er oplaat wie ta elektrotechnysk yngenieur, fertsjinne er al rillegau syn brea leaver as tekener en yllustrator. Noch wat letter sette hy him ta it skriuwen.
Yn de Twadde Wrâldoarloch wie er lykwols wurksum as timmerman. Hy wegere ynearsten ûnder dy omstannichheden wat ek mar te publisearjen. Doch beprate in freon him en tegearre stiften sy in yllegale útjouwerij, Les Editions de Minuit. Dêr ferskynt ek syn earste boek, dit boek, Le silence de la mer.

Hoewol de Gestapo in earste besykjen noch foarkomme koe, slagget it ein 1941 om 350 edysjes mei de hân te drukken. As it yn ’42 ferskynt, wurdt it al rillegau in sukses, hiel opfallend daliks ek bûten de lânsgrinzen. No stiet it te boek as dé novelle fan de Twadde Wrâldoarloch.

Vercors bleau syn libben lang as skriuwer en yllustrator aktyf, en bleau maatskiplik en polityk, ek ynternasjonaal, o sa belutsen.

Verschijningsdatum2012-04-03