Logo van Elikser
Mijn winkelwagen
0 items | € 0,00

De tunnel (Frysk)

€ 11,50
ISBN: 9789089544919

Spannend aventoer fan Johannes dy’t fia in tunnel by de Spanjoalen terjochte komt, dy’t tsjin de Alkmarders fjochtsje

Johannes hat fjouwer broers en alle fiif ha se in spoeketaast op ’e rêch. Jehannes hat de grutste brune plak, midden op syn rêch, sa grut as in kofjepantsje. Syn broerkes narje him der faak mei. Dan wurdt Jehannes poer en krije se rúzje. Op in dei moat Johannes foar straf yn de kast. As er mei syn klompen tsjin de efterkant fan de kast skopt, fynt er út dat der in doarke yn de planken sit. En dêrefter sit in tunnel. Johannes krûpt der daliks yn. Mar dan kin er net mear werom!
Hy komt by Spaanske minsken telâne, dy’t sels gjin bern ha. Se neame him Juan en bringe him grut as wie it harren eigen soan. As er grut is moat er fjochtsje, mei de Spanjoalen, tsjin de Alkmarders. En wat komt er dan tsjin...?

Formaat145x210
Aantal pagina's77
Levertijd2 werkdagen
AuteurEnno Bruinsma
Korte levensbeschrijving

Enno Bruinsma liket in bytsje op in kabouter. Faaks skriuwt er dêrom wol mearkes en ferhalen. Hy wennet yn Boalsert oan de Boargemaster Praamsmaleane. Hy is gjin boargermaster, mar wol Statelid fan Fryslân. Mar dat is neat besûnders, fynt er sels.
Hy hat lang ûnderwizer west yn Boazum, flak by Snits. In hiele protte bern yn Fryslân hawwe prachtige tekeningen makke foar syn boekjes.

Verschijningsdatum2012-12-01