Logo van Elikser
Mijn winkelwagen
0 items | € 0,00

Obe Postma - In libben dat bloeide nei syn aard

€ 34,50
ISBN: 9789089549358

Twillingboek mei yn diel 1 libben, komôf en wurk fan Obe Postma en yn diel 2 yngeande besprekken fan it wurk fan Postma

In libben dat bloeide nei syn aard is in twillingboek oer it libben en wurk fan de bekende Fryske dichter en wittenskipsman Obe Postma (1868-1963). It earste diel, Al wat ik skriuw, dat is wier bard is skreaun troch Tineke Steenmeijer-Wielenga en behannelet Postma syn libben, syn komôf en famylje. Brieven en argyfstikken binne hjir wichtige boarnen foar in protte nijsgjirrige feiten oer Postma en syn warberens op it gebiet fan poëzij en wittenskip.
It diel Fier haw ik myn dreamen weide / En de himmel iepen sjoen is skreaun troch Geart van der Meer en bestiet út seis yngeande ‘lêsferslaggen’ fan de poëzij fan Postma, mei dêrnêst inkelde artikels fan him oer Postma syn oersettingen (fan Emily Dickinson, Rainer Maria Rilke en Edna St. Vincent Millay). Fierder is ek opnommen syn gearfetting fan de filosofy fan Postma.
Foar elke leafhawwer fan de poëzij fan Postma in oanrieder!

Inlibbendatbloeide_Inkijk.pdf

Formaat 165x240x28 mm
Aantal pagina's 426
Levertijd 2 werkdagen
Auteurs Tineke Steenmeijer-Wielenga en Geart van der Meer
Biografie

Tineke Steenmeijer-Wielenga (1946) waard berne yn Assen en groeide op yn Dordrecht. Se studearre Nederlânsk en Frysk oan de universiteit fan Utert. Letter krige se wurk by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) yn Ljouwert en waard yn 1986 konservator. Se publisearre in grut tal artikels oer literêr-histoaryske ûnderwerpen.
Geart van der Meer (1944 Toppenhuzen) studearre Ingelsk en Frysk yn Grins en wurke fan 1970 oant 2009 by it Ingelsk Ynstitút fan de Grinzer universiteit, mei in ûnderbrekking fan fiif jier (1985-1990) doe’t er oan dyselde universiteit by it Frysk Ynstitút wurke. Fan 1976 oant 1982 wie er ien fan de redakteuren fan Trotwaer. Yn 1985 promovearre er op in proefskrift oer de ‘brekking’ (bgl. beam-beammen) yn it Frysk. Nêst taalwittenskip, mei de lêste goed 17 jier foaral de leksikografy, hat ek it oersetten altyd syn niget hân, foaral de praktyske kanten dêrfan, dy’t er tapasse koe yn syn kursussen literêr Ingelsk-Nederlânsk oan de universiteit.

Verschijningsdatum 14-03-2017