Logo van Elikser
Mijn winkelwagen
0 items | € 0,00

Binnentun

€ 25,00
ISBN: 9789089541352

Bondel haikû’s yn it Frysk yllustrearre mei prachtige foto’s fan Ouke Kooistra. Der sit in cd mei mei troch Tryntsje van der Veer en Rob du Jardin ynsprutsen teksten en fioele- en piano-ymprovisaasjes fan Rob du Jardin.Gratis verzending

De debútbondel Binnentún fan Tryntsje van der Veer befettet 49 haikû’s yn it Frysk, oer de natoer en it libben. De dichtfoarm noege har út om sa sober en folle-sizzend mooglik te wêzen.

Op har syktocht trof sy Ouke Kooistra, dy’t meardere kearen eksposearre yn ’e kapel fan Bronkhorst. Syn bysûndere oanpak fan gewoane objekten resultearre yn fotowurk wêrfan’t de sfear goed by de haikû’s oanslute. Rob du Jardin foege in ekstra diminsje ta. Tegearre mei de skriuwster spriek hy teksten yn. It lûd fan de stimmen fariearret fan donker, gefoelich en hertstochtlik ta rêstich en plechtich. Syn ymprovisaasjes op fleugel en fioele omliste de fersen, wêrtroch in totaalbelibbing ûntstiet. Sa kaam der in multimediaal en meardiminsjonale projekt yn wurd, byld en lûd ta stân.

Formaat210 x 147 mm
Aantal pagina's126 pagina's
Levertijd2 werkdagen
AuteurTryntsje van der Veer
Korte levensbeschrijving

Tryntsje van der Veer (1960, Nijegea H.O.) is graach dwaande mei taal, ritme en muzyk. Sy skriuwt, dichtet en sjongt al langere tiid. Yn har famkesjierren wûn se in priis mei in fers yn ’e Lyrische Krante, it byblêd fan de Ljouwerter. Om utens stjoerde sy sa no en dan wurk yn foar in priisfraach. Sa foel sy by Poëzie yn Sutfen yn ’e prizen mei it fers ‘Accoord’.

Yn 2008 waard har bydrage opnommen as ‘Zomerste dichtregel’ yn ’e Volkskrant. It stik gong oer de skriuwer, dichter en ek har learmaster yn ’e psychiatry Rutger Kopland.

No’t sy sûnt 2008 foar in part fan ’e wike wer yn Fryslân tahâldt, wurde op it mêd fan it skriuwen weirekke boarnen oanboarre. By Tresoar joech de kursusploech fan Jurjen van der Meer in earste oantrún mei lietteksten as resultaat. Har ynstjoering foar de ‘Skriuwerskalinder 2010’ oer “Wat Oars” waard pleatst en hannelt oer de seizoenen.

No folget sy lessen by Eppie Dam en Abe de Vries en wurket oan ferdjipping yn hjoeddeisk Frysk. It is stoef mar foldocht poerbêst. It past goed by har wurk as psychiater en psychoterapeut, dêr’t fanút in analyze fan sitewaasjes wei socht wurdt nei it meast ferklearjende model mei de minste eleminten. Dat wurd yn terapy oanpakt.

Yn 2008 liet sy Jitske Kingma fan Elikser wat bjusterbaarlike ferhaaltsjes lêze en simmer 2009 kaam sy oan mei in map fol haikû’s. It die bliken dat de teksten ek oare oansprieken.

Tweede auteurRob du Jardin
Biografie 2e auteur

Kunde fia de kursusgroep fan Tresoar brochten de auteurs fan Binnentún yn kontakt mei Rob du Jardin (1969). De haikû’s ynspirearren him ta muzyk. Fuortendaliks stjoerde er in mailtsje nei Tryntsje mei taheakke ideeën foar lûdsfragminten by de haikû’s. Rob hâldt derfan, om te sykjen nei taastbere (beskriuwbere, telbere) skaaimerken fan wetmjittichheden yn it gefoelslibben. Sa'n djoere sin as foargeande kin fansels net bûten in protte eksperimentearjen, fallen en oereinkommen. Hy wennet yn Amsterdam, wie yn de njoggentiger jierren fioelist by it Keninklik Konsertgebou-orkest, mar is letter psycholooch wurden. Syn passy foar muzyk is altyd bleaun. Der is noch in passy by kommen, nammentlik dy foar de Fryske taal. Hy sjongt ek graach yn it Frysk, faak tegearre mei Grytsje Kingma. Rob hat lieten op Youtube set, yn it Frysk en it Hollânsk, mar ek in inkelde kear yn it Frânsk of Hongaarsk. In hichtepunt wie it yn 2009 meidwaan oan ’e finale fan it Fryske Sjongfestival "Liet", dêr't it fers 'Dit is myn Heitelân' (tekst Grytsje Kingma en Rob du Jardin) de publykspriis wûn hat.

Verschijningsdatum2009-11-29