Logo van Elikser
Mijn winkelwagen
0 items | € 0,00

Finzen tusken libben en dea

€ 12,50
ISBN: 9789089541543

Fersen oer in tsjustere perioade yn it libben fan de dichteres, wêrby’t it stadichoan hieltyd ljochter wurdt.

Stean ik foar de spegel
is it krekt as stoarret
in frjemd my oan.

Brûk ik myn stim
is it krekt as harkje
ik nei in oar.

Ik bin mysels en dochs ek net.

Jildou Elgersma bondelt yn dit boek fersen oer in swiere perioade yn har libben. De tiid dat it tsjuster en kâld wie en se gjin diel krije koe oan it libben om har hinne. Yn it begjin fan de bondel oerhearsket it tsjuster, mar geandewei wurdt it stadich wer ljocht.
Jildou jout har tinzen earlik en hiel dúdlik wer, soms mar mei inkele pinnestreken. Har bondel rekket je yn it hert, omdat se wurden fûn hat foar har fertriet en pine, mar ek foar de kleur, dy’t it libben stadich wer kriget.

Formaat145 x 210 mm
Aantal pagina's79 pagina's
Levertijd2 werkdagen
AuteurJildou Elgersma
Korte levensbeschrijving

Myn namme is Jildou Elgersma. Ik bin berne yn 1974 te Easterein gemeente Littenseradiel. Yn 2003 ha ik in kursus autobiografysk skriuwen folge ûnderlieding fan Akky fan der Veer. Dizze kursus wie in oanset om fierder te gean mei it ferwurdzjen fan persoanlike gefoelens.
De earste stap nei it publyk ha ik setten doe’t ik skewielster waard by it Gysbert Japicxhûs te Boalsert. De ôfrûne jierren ha ik dan ek ferskate gedichten publisearre op de Fryske Spreukenkalinder. Faaks skriuw ik oer mysels mar ek de natoer is in ynspiraasjebron.
Finzen tusken libben en dea is myn earste bondel. It giet oer myn wrakseljen mei it libben nei oanlieding fan in groanysk depressive stimmingstoarnis. Troch it útbringen fan dizze bondel hoopje ik it ûnderwurp depresje mear besprekber te meitsjen.

Verschijningsdatum2010-04-17