Logo van Elikser
Mijn winkelwagen
0 items | € 0,00

Flammen

€ 18,50
ISBN: 9789089544698

Flot en meinimmend ferfolch op In twadde hûd oer it houlik fan Elske en Ronny en de wûnderbaarlike talinten fan Betty.

Elske is drok dwaande mei de tariedings foar har houlik mei Ronny. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen en dêr spuit har famylje raar guod fan, sjoen Betty har reputaasje yn it doarp. Mar Betty hat in protte talinten en krijt dêrtroch suver mear oansjen. Fêstberet om Elske net teloar te stellen, seit se ta dat se har gedrage sil, mar se komt foar grutte útdagings te stean. Elske, ek net altyd like handich yn it oersjen fan har eigen spontane aksjes, hat der noed oer oft it allegear wol goed komt, mar Ronny fertrout derop dat it in ûnferjitlike dei wurdt. En dat wurdt it, yn mear as ien opsicht.

Hilda Talsma hat mei De twadde hûd, har debútroman, sjen litten dat se in talint hat dat in breed publyk fertsjinnet: flot, meinimmend, humoristysk en mei in oansprekkende styl. Yn har twadde boek giet se net allinne fierder mei it útdjipjen fan de personaazjes út har earste boek, se lit ek sjen dat se groeid is yn har skriuwersskip. It boek is tige ûnderhâldend en hat in ferrassend slot.

Formaat145x210
Aantal pagina's247
Levertijd2 werkdagen
AuteurHilda Talsma
Korte levensbeschrijving

Hilda Talsma is jierren lyn begûn te skriuwen en hat ferskate kursussen dien. Mar de opfieding fan fjouwer bern mei de dêrby hearende húshâlding hie de prioriteit. No’t de bern grutter wurde en de tiid rûmer, hat se har skriuwen fierder untwikkele. Skriuwe fynt se it moaiste dat der is en se kin har der hielendal yn ferlieze. Yn har boeken stiet de minsk en de leafde yn al syn foarmen sintraal. Har motto is: Je binne wa’t je binne, net om wat je hawwe as wat je kinne. Elts minsk is wichtich en de dingen binne faak oars as dat je tinke.

Yn 2011 ferskynde har earste roman In twadde hûd.

Verschijningsdatum2012-09-07