Logo van Elikser
Mijn winkelwagen
0 items | € 0,00

Wyn fan de wierheid

€ 18,50
ISBN: 9789089548740

In hearlik boek fol spanning, aventoer, humor en romantyk, dat de lêzer meinimt yn ’e wrâld fan de skûtsjesilerij en de simmer yn Fryslân

Wyn fan de wierheid is it ferfolch fan de bestseller Wyn fan feroaring . De famylje Kamstra sylt foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. It famyljegeheim drukt noch altyd in stimpel op Johanna har libben. Se liket ek mar net fan har eks-skoanfamylje ôf te kommen, en Ate is net tefreden oer it nije túch. As se op ’e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna boppedat ek noch tsjinst dwaan as sintraal punt en wurde de Onnie’s de baas yn harren keuken. De hurdsylwike set it libben fan Johanna en Ate dan ek folslein op ’e kop. Se moatte roeie mei de riemen dy’t se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden… yn mear as ien opsicht.

Wyn fan de wierheid is wer in hearlik boek fol spanning, aventoer, humor en romantyk, dat de lêzer meinimt yn ’e wrâld fan de skûtsjesilerij en de simmer yn Fryslân.


Formaat 145x210
Aantal pagina's 232
Levertijd 2 werkdagen
Auteur Hilda Talsma
Biografie

Hilda Talsma is jierren lyn begûn te skriuwen en hat ferskate kursussen dien. Yn har boeken stiet de minsk en de leafde yn al syn foarmen sintraal. Se debutearre mei De twadde hûd, skreau dêrnei Flammen en It geloksbern en dizze boeken binne yn de simmer fan 2016 opnij útkommen as Frisum Trilogy. Dêrnei skreau se Brekber en yn 2015 ferskynde de hiel goed ûntfongen skûtsjeroman Wyn fan feroaring.

Verschijningsdatum 22-06-2016